Zoekresultaten
Resultaat 1 - 5 (van 5)
Jurjen van der Meer Sin oan
De fersen fan Jurjen van der Meer wurde al tsientallen jierren brûkt yn de heechste groepen fan it basisûnderwiis en foar de foardrachtskriich FeRstival op middelbere skoallen. Yn dit boek bondelet er syn moaiste wurk fan de lêste tiid. De bondel befettet in tal 'Pas op...'-gedichten, mei yllustraasjes fan Maaike van den Akker, in searje 'Op in ...'gedichten, mei yllustraasjes fan Lip Ferwerda en in tritichtal frije fersen. Jurjen hat in oansprekkende, tagonklike styl. It binne fersen mei in knypeach....
Fictie
Westerlauwers Fries | 215 pagina's (ePub3, 11 MB) | Elikser, Leeuwarden | 2017
E-book
Pégasus
blomlêzing út 'e Grykse poëzij
Pégasus is it mytologyske, wjokte hynder fan de Muzen. Dêr't syn hoeven de berch Helikon rekken, ûntstie de welle Hippokrènè. Wa't dêrút drinkt, krijt ynspiraasje om te dichtsjen en te sjongen. De blomlêzing befettet gedichten fan Grykse skriuwers út in tiidrek fan 27 iuwen. Dat begint mei in koart fragmint fan Homerus út 750 foar Kr. En beslút mei in moderne dichter út 1950. Yn it fragmint fan Homerus ferliket de dichter blêden mei minsken: se groeie, bloeie en fertoarkje: de gong fan...
Fictie
Westerlauwers Fries | 456 pagina's (ePub3, 7,1 MB) | Elikser, Leeuwarden | 2017
E-book
Hilda Talsma Wyn fan de winners
Wyn fan de winners is it tredde en lêste diel fan de Wyntrilogy. De famylje Kamstra sil besykje om wer yn 'e grutte A-klasse te kommen, mar Ate hat der klauwen oan om alles yn goede banen te lieden. Johanna hat oare prioriteiten no't se mem is, en mei de Onnie's yn it fermidden witte je noait hoe't de wyn waait. De leafde tusken Roos en Joost wurdt swier op 'e proef steld en de nije bemanningsleden út Frisum soargje foar de nedige konsternaasje. It wurdt wer in wike fol ferrassingen. Mei Wyn fan...
Fictie
Westerlauwers Fries | 224 pagina's (ePub2, 1,1 MB) | Elikser, Leeuwarden | 2017
E-book
Hilda Talsma Slangen ûnder it bêd
Marte en Rienk geane mei de klasse nei Amsterdam. As Marte op in jûn by in knappe jonge út har jeugdherberch sitten giet ynstee fan by har freonen, hat er gjin goede bedoelings mei har. De jonge en syn maat nimme Marte mei, mar litte har efter as se neat mei har wurde kinne. Rienk fljocht him út 'e naad om har werom te finen en sa komme se yn 'e kunde mei Justine en har soannen. Yn in foto-album by Justine thús sjocht Rienk ta syn fernuvering in foto fan in echt Piipster skûtsje. Dat liedt ta...
Fictie
Westerlauwers Fries | 181 pagina's (ePub2, 1,3 MB) | Elikser, Leeuwarden | 2017
E-book
Marianna van Tuinen Livia's romtedream
Livia oefenet har sprekbeurt oer it universum. Op ynternet fynt se feiten genôch, mar echt boeiend binne dy net. It moat einliks oer bûtenierdske wêzens gean, tinkt Livia, dan sil de klasse séker goed lústerje! Dy nachts dreamt se dat se troch de kosmos fljocht. Se ûntdekt dingen dy't noch gjinien wit. Op skoalle fertelt Livia hoe't je yn de romte reizgje kinne. Kin dat dan? De klasse sil it no ek probearje. Bron: Flaptekst, uitgeversinformatie
Fictie
Westerlauwers Fries | 38 pagina's (ePub3, 11 MB) | Elikser, Leeuwarden | 2017
E-book