Zoekresultaten
Resultaat 161 - 166 (van 166)
Jan Schotanus De swannen fan Hoxwier
It libben fan de ynwenners fan Fryslân wurdt behearske troch de fraach wa't foar de Spanjerts en tsjin de herfoarming is, of oarsom. De bewenners fan Hoxwier binne tsjin de Spanjerts en dat is oaren net nei it sin. Op in dei binne de swannen fan de state op stjerren nei dea. Is dat it wurk fan de duvel, of is der wat oars oan de hân? Inhoud Ynlieding De Spanjoalen De state Hoxwier Feest Frjemdfolk De foarsizzing Wachtposten De swannen I De reis nei de sted Ljouwert De alchemist Frjemde gasten...
Westerlauwers Fries | 2 uur 16 minuten (151 MB) | Afûk, Haarlem | 2009
Luisterboek (digitaal)
Jan Schotanus Nacht op it eilân
Paul en Eva ha op fakânsje west op Skylge en sille mei de lêste boat nei hûs ta. Stikem geane se noch even fan board om de Sirius te besjen dy't yn de haven leit. Dan fart de boat fuort. Se bliuwe allinne efter op it eilân. Eins fine se dat wol spannend. Mar yn in tsjuster bosk in hutte bouwe falt net ta, hielendal net as it reint. Yn 'e skuorre fan Steatsbos krûpe se dan mar yn it hea. Dy nacht wurdt de skuorre lykwols ek brûkt troch streupers... En dan wurdt it echt spannend!!! Nacht op...
Westerlauwers Fries | 42 minuten (47 MB) | Afûk, Haarlem | 2009
Luisterboek (digitaal)
Lida Dykstra Spegelspreuk
Spegelspreuk is in spannend aventoer oer de freonskip tusken in ûndernimmend prinske en syn lakei, Lodelakei. Ljouwert, 1757 De 9-jierrige Willem, prins fan Oranje, rint fan hûs fuort. Hy komt terjochte by syn beppe, Marijke Muoi. Dy wennet yn Ljouwert, yn paleis it Prinsessehof. Earst ferfeelt Willem him ôfgryslik. Mar dat feroaret as in âld wyfke yn it keunstkabinet fan it paleis in spegelspreuk útsprekt. Troch dy betovering komme, alle kearen as de klok tolve oeren slacht, bisten fan tegels...
Westerlauwers Fries | 2 uur 51 minuten (137 MB) | Aed Levwerd, Haarlem | 2009
Luisterboek (digitaal)
Jelle Bangma Skoare by FC Top
Skoare by FC Top giet oer de talintfolle David en Jeffrey, dy't gek binne fan fuotbal. Op in dei komt in scout fan it grutte FC Top út de stêd te sjen. De jonges wurde útnoege foar in oantal proeftrainings en seleksjewedstriden. Der bestiet in grut ferskil tusken de beide jonges. David hat in freeslik fanatike heit dy't alles op alles set foar in fuotbalkarriêre fan syn soan. By Jeffrey wurdt dêr folle relekster mei omgien. Foar him is der mear yn it libben as fuotbalje. Hoe sille de doarpsjonges...
Westerlauwers Fries | 1 uur 53 minuten (122 MB) | Afûk, Haarlem | 2009
Luisterboek (digitaal)
Jan Schotanus De ûnmooglike reis fan de Santa Maria
Yn 1492 sylt Kolumbus mei trije skippen de Atlantyske Oseaan op om it koartste paad nei Ynje te finen. It wurdt in spannende reis, dy't jimme no meibelibje kinne yn de persoan fan Beart of Bartholomé de skipsjonge en syn tamme rôt Beppy of Camelia. Der is trouwens noch in hiel koar fan rotten ek oan board, en miskien is it wol oan dy ploech te tankjen, dat de reis rint sa't er rint. It oarspronklike boek is ferskynd yn 2003. Dit boek wurdt foarlêzen troch de skriuwer. Inhoud De stap, de knap...
Westerlauwers Fries | 2 uur 25 minuten (146 MB) | Afûk, Haarlem | 2008
Luisterboek (digitaal)
Anny de Jong Spikergek
Mette is gek op kompjûters. Op in stuit krijt se in koade en kin se geheime berjochten oer kompjûterfirussen lêze. Se komt yn de kunde mei in firus dat samar fan de digitale de echte wrâld ynglidet. En dan wurdt it spannend. Spikergek ferskynde yn 2002 by Bornmeer. Spikergek wurdt foarlêzen troch Anny de Jong. Foar reaksjes kin maild wurde mei annydejong@hetnet.nl Inhoud Gean der mar foar sitten In âlde bekende Strieltsjes swit en kola Ryp foar de psychiater Grien slym In kâlde oangelegenheid...
Westerlauwers Fries | 2 uur 31 minuten (148 MB) | Bornmeer, Haarlem | 2008
Luisterboek (digitaal)